F16's fan Ljouwerter basis oefenje op Schiphol

26 jan 2016 - 14:54
  • Ljouwerter F16's oefenje op Schiphol
  • F16's fan Ljouwerter basis oefenje op Schiphol

Twa F16's fan de fleanbasis yn Ljouwert ha tiisdei oefene op fleanbasis Schiphol, omdat dat nasjonale need-útwykhaven is. As it fleanfjild fan Ljouwert net brûkt wurde kin, fanwege tichte mist of izel bygelyks, moatte de strieljagers útwike kinne nei Schiphol. Der is mei twa tastellen oefene yn hoe't de piloaten by passazjierstastellen lâns manoeuvrearje kinne.

Yn Ljouwert en yn Volkel stean permanint twa F16's klear om yn aksje te kommen tsjin fertochte fleantugen dy't it Nederlânske loftrom ynkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)