F16's bombardearje Afganistan

04 feb 2003 - 00:00

F-16 gefjochtsfleantugen fan 'e Ljouwerter fleanbasis ha foar it earst doelen yn Afganistan bombardearre. It giet om in grottekompleks yn it suden fan Afganistan, dêr't Amerikaanske soldaten jacht meitsje op striders fan 'e Taliban. De belutsen F-16's ha laserstjoerde bommen ôfsmiten.

De Ljouwerter F-16's binne stasjonearre op 'e fleanbasis Manas yn Kirgizië yn it ramt fan 'e operaasje Enduring Freedom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)