F16's bliuwe oan de grûn

17 maaie 2010 - 10:21
  • De F16's meie foarearst net fleane

De F16's fan fleanbasis Ljouwert kinne moandei net fleane. Dit omdat it Nederlânske loftrom yn ferbân mei de jiskewolk sletten is foar alle fleanferkear. De SAR-helikopters binne wol beskikber foar needgefallen en ek de befeiliging fan it Nederlânsk loftrom is paraat.

Oant yn elts gefal twa oere moandeitemiddei mei boppe Nederlân net flein wurde. Letter wurdt besletten oft dat noch langer duorje sil. Ek it fleanfjild fan Eelde is ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)