F16 nei de ballonfeesten

24 jul 2013 - 10:55
  • De F16 gie woansdei sa op transport

De fleanbasis Ljouwert bringt woansdeitemoarn in F16 nei De Jouwer. De strieljager sil te sjen wêze by de Ballonfeesten, dy't woansdei foar de 28e kear útein sette. De strieljager stiet dêr fiif dagen lang. De F16 wurdt woansdei mei in djipljader fan de fleanbasis nei De Jouwer brocht. Dat bart ûnder begelieding fan de maresjesee.

De F16 wurdt op De Jouwer wer yn inoar set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)