F16-demonstraasjes yn Fryslân

01 apr 2010 - 20:15

In piloat fan it F16-demonstraasjeteam fan de Koninklijke Luchtmacht oefenet takom wike in pear kear boppe Fryslân. Ofhinklik fan it waar fljocht de piloat fan tiisdei oant en mei freed twa kear deis. It giet om treningsflechten dy't ûngefear tsien minuten duorje.

Om lûdsoerlêst foar te kommen fljocht de piloat boppe de fleanbasis fan Ljouwert en boppe it militêre terrein op Flylân. It F16-demonstraasjeteam hâldt jierliks sa'n 25 demonstraasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)