F-16's werom fan missy yn Baltyske Steaten

17 des 2014 - 12:46
  • F-16

Fjouwer F-16's binne woansdei weromkaam fan de NAVO-missy yn de Baltyske Steaten. De strieljagers steane no noch yn Volkel, mar yn de rin fan de middei fleane twa dêrfan troch nei de fleanbasis yn Ljouwert.

De F-16's hawwe fjouwer moannen stasjonearre west op de basis fan Malbork yn Poalen en binne fjouwer kear yn aksje kaam. Sa hawwe se bommewerpers en in transportfleantúch ûnderskept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)