F-16's ûnderskeppe Russen

25 nov 2009 - 22:20

F-16's fan de fleanbasis Ljouwert hawwe tiisdei twa Russyske fleantugen ûnderskept. Dat hat it ministearje fan Definsje woansdei bekend makke. De twa fleagen boppe Nederlân sûnder har identiteit bekend te meitsjen.

De F-16's hawwe de Russen begelaat oant se bûten it Nederlânske grûngebiet fleagen. Dêrnei ha Britse fleantugen it oernaam. Earder hiene ek al Deenske tastellen de Russen ûnderskept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)