F-16's oefenje yn Kanada

29 mrt 2006 - 19:52

Alve F-16's fan fleanbasis Ljouwert en Volkel oefenje fan begjin april oant healwei juny yn it Kanadeeske Cold Lake. Oanslútend dogge de F-16's 4 wike mei oan in ynternasjonale NAVO oefening ek yn Kanada. Ein dizze wike fleane de F-16's fanôf Volkel rjochting Kanada.

Jierliks dogge tsientallen militairen fan de Keninklike Luchtmacht mei oan ynternasjonale oefenings. Dit hat alles te krijen mei it feit om de lûdsoerlêst yn Nederlân te beheinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)