F-16's nei Irak foar striid IS

24 sep 2014 - 19:21
  • F-16

Nederlân stjoert seis F-16's nei Irak om dêr mei te dwaan oan de ynternasjonale striid tsjin terreurbeweging Islamityske Steat. Neist F-16's wurde ek bewakers en trainers meistjoerd foar it Iraakse en Koerdyske leger. Der dogge hast 400 militêren mei oan de missy.

De Nederlânske F-16's kinne oer in wike yn aksje komme boppe Irak. In wurdfierder fan it ministearje fan Definsje lit witte dat de Ljouwerter fleanbasis in substansjele bydrage leveret oan de gefjochtsmissy.

Nederlân docht allinnich mei oan militêre operaasjes yn Irak. Oan Syrië, dêr't Islamityske Steat ek aktyf is, wurdt allinnich humanitêre en diplomatike stipe jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)