'F-16's dit wykein yn aksje'

03 okt 2014 - 18:10
  • Nederlânske F-16's
  • Dizze Antonov ferfiert guod fan de Ljouwerter fleanbasis nei Jordanië

De Nederlânske F-16's komme mooglik al dit wykein yn aksje boppe Irak. Dat hat minister Jeanine Hennis fan Definsje de Twadde Keamer witte litten. Nederlân hat acht F-16's beskikber steld foar de striid tsjin IS, seis dêrfan komme fan de fleanbasis Ljouwert. Ek binne der 250 militêren fan de Ljouwerter basis meistjoerd. Dy hawwe har kamp opslein yn Jordanië.

Freed kamen de lêste F-16's oan yn dat lân, freedtenacht set in transportfleantúch mei materiaal noch ôf rjochting Jordanië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)