F-16 stoart del by Skylge

15 jun 2001 - 00:00

Boppe Skylge is freed in F16 yn see stoart. It giet om in tastel fan de fleanbasis Volkel. De piloat hat himsels mei de sjitstoel yn feiligens brocht.

De man is troch in SAR-helikopter út it wetter helle. It liket der op dat de piloat net ferwûne rekke is, mar de man wurdt noch ûndersocht. Wêrom't de F-16 krekt delstoarte is noch net bekend, dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)