F-16 liedt loftoanfal yn Irak

27 okt 2014 - 12:25
  • F-16

In Nederlânske F-16-piloat hat ôfrûne freed lieding jûn oan in loftoanfal op IS-doelen yn Noard-Irak. De F-16 fierde mei 15 oare fleantugen, wêrûnder fjouwer Nederlânske F-16's, in bombardemint op munysje-opslachkompleksen en kommandosintra út. Dat makke it ministearje fan Definsje moandei bekend.

De lêste bombardemintsmissy dy't ûnder lieding fan Nederlân stie, wie yn 1994 yn it eardere Joegoslavië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)