F-16 lekt giftige stof

12 sep 2006 - 17:22

In F-16 fan de Fleanbasis Ljouwert hat tiisdeitemoarn in tige giftige stof lekt. It giet om it spul hydrazine. De lekkaazje wie yn ien fan 'e hangars. De stof wurdt brûkt yn in soarte fan needfoarsjenning as de stroom útfalt.

Persoaniel fan 'e fleanbasis dat by de lekkerij oanwêzich wie, is ûndersocht troch de medyske tsjinst. It ynsident wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)