F-16 delstoart by Flylân

20 jul 2006 - 08:49

Der is woansdeitemiddei om 15.00 oere hinne in F-16 delstoart yn de Waadsee by Flylân. De piloat is mei in sjitstoel op 'e tiid út it tastel kaam. Mei in SAR-helikopter fan fleanbasis Ljouwert is de man út see rêden en oerbrocht nei Ljouwert.

It giet ridlik goed mei him, mar hy moat noch wol foar kontrôle nei it sikehûs. De maresjaussee siket nei it tastel. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)