Fûgels deaferzen yn Sudergrêft

07 feb 2012 - 13:26

Trije ielguozzen en in seefûgel binne yn it wetter fan de Sudergrêft yn Ljouwert deaferzen. De brânwacht en de biste-ambulânse hawwe de bisten derwei helle. It wie foar de helpferlieners noch in hiele toer om by de bisten te kommen, mar mei in ljedder oer it iis slagge it om twa slachtoffers der wei te heljen.

De oare beide deade fûgels koene net oprêden wurde, omdat it iis te tin wie om op te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)