Fûgel Iselmar better beskermje

14 des 2011 - 15:43

It regear moat mear dwaan om de fûgels yn it Iselmargebiet te beskermjen. Dat seit de Raad van State. Fûgelbeskerming Nederlân hie in saak oanspand tsjin steatssekretaris Bleker om't syn plannen foar de Iselmar tekoart sjitte. Bleker soe inkeld maatregels nimme wolle om de hjoeddeistige situaasje yn stân te hâlden. Dat betsjut dat de besteande achterútgong trochgiet. Dat is yn striid mei Europeeske regels. De Raad van State jout de Fûgelbeskerming gelyk. Bleker moat mei in nij plan komme foar de Iselmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)