Fúzje Sionsberg/Nij Smellinghe

08 mrt 2012 - 16:00
  • De Sionsberg
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

It Drachtster sikehûs Nij Smellinghe nimt sikehûs de Sionsberg yn Dokkum oer. Beide ynstellingen fusearje en wurde ien organisaasje mei in sikehûstak op twa lokaasjes. Op 1 augustus moat de fúzje syn beslach krije. Op in parsekonferinsje waard bekend makke dat de Sionsberg sûnder dizze oername de ein fan it jier net helle hie, omdat it jild dan op wêze soe.

Nij Smellinghe stekt 7 oant 8 miljoen euro yn it wer op oarder krijen fan de soarch yn Dokkum.

In grut part wurdt ynvestearre yn de ôfdieling kardiology. Dy soe op 1 july wer iepen moatte mei twa nije operaasjekeamers. Oer it fuortbestean fan de kreamôfdieling yn Dokkum moat foar 1 maaie dúdlikheid komme. Yn de Sionsberg sille tenei de ienfâldiger yngrepen dien wurde, yn Nij Smellinghe de wat kompleksere

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)