Fúzje Rabobank yn SE-Fryslân

18 jul 2012 - 12:07

De Rabobanken fan Hearreanfean, De Gordyk en de Stellingwerven fusearje. Dat bart 1 desimber. De nije kombinaasje giet fierder ûnder as Rabobank Hearrenfean-Súdeast Fryslân. De lederieden fan de banken binne tiisdei akkoart gien mei de fúzjeplannen. Yn 2009 wiene der ek al plannen om te fusearjen. Dit is doe net trochgien om't men benaud wie dat de bank te grut wurde soe. De nije bankekombinaasje hat goed 70.000 partikuliere en in lytse 10.000 saaklike klanten. It wurdt de grutste bank fan Noard-Nederlân.

Reden foar de fúzje is om de tsjinstferliening oan de klanten op in sa heech mooglik peil te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)