Fúzje EVT en Wadden Transport

31 des 2011 - 12:41

De rederijen EVT en Wadden Transport wolle fusearje. Wannear't de hantekens setten wurde kin Erwin Rob fan EVT noch net sizze. Rederij Wadden Transport fersoarget al tritich jier frachttransport nei de eilannen Flylân en Skylge. De EVT besiket om it persoaneferfier nei Skylge fan de grûn te tillen en bringt dit jier in nij skip, de Spathoek, yn de feart. Dy kin ek auto's ferfiere. Reden foar de fúzje is dat EVT en Wadden Transport mekoar oanfulle.

As de fúzje trochgiet hat rederij Doeksen der in konkurrint by der't rekken mei hâlden wurde moat. Doeksen wachtet it ôf, sa seit de direksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)