Eysingahûs moat adelmuseum wurde

22 jan 2006 - 12:07

It Eysingahûs moat in museum wurde oer de Fryske adel yn de 18e ieu. Dat wol de stifting Staten en Stinzen. Der mei gjin beslút falle oer it Frysk Museum as net dúdlik is wat der bart mei de âlde panden dêr't it museum no yn sit.

De Kanselarij en it Eysingahûs ha in wichtige kultuerhistoryske wearde, sa seit foarsitter Bilker fan de stifting. It Eysingahûs is in unike stedswenning fan Fryske adel. Dy mei net ferkocht oan in kommersjele partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)