Eysingahûs krijt nije eigener

24 okt 2014 - 16:52
  • It Eysingahûs yn Ljouwert

De Amsterdamske monuminteferiening Hendrick de Keyser is freed foar 1 euro eigener wurden fan it Eysingahûs yn Ljouwert. Yn it gebou út de 18e ieu siet earder it Fries Museum. Nei't it museum foarich jier ferhuze nei it Saailân, drige leechstân.

De Amsterdamske monuminteferiening sil de monumintale keamers restaurearje, wêrnei't se brûkt wurde foar in semi-publike bestimming. Der sille rûnliedings holden wurde, kulturele ynstellings krije hjir in plak en oare romten sille ferhierd wurde. Ek komme der apparteminten en in kantoar yn it gebou

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)