Explore the North komt wer

06 mrt 2013 - 14:21

Explore the North wurdt dit jier foar de twadde kear organisearre. It kulturele festival is sneon 23 novimber op ferskate plakken yn Ljouwert. Lykas op de earste edysje twa jier lyn steane muzyk, literatuer en byldzjende keunst sintraal. Dêrby wurdt ferbining socht mei oare noardlike regio's út bygelyks Kanada, Skandinavië, de Baltyske Steaten en it noarden fan Súd-Amearika. De organisaasje komt yn de kommende tiid mei in programma.

Tal fan organisaasjes dogge mei oan it festival lykas Tresoar, Podium Asteriks en de Culturele Onderneming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)