Excelsior siket nije leden

26 jul 2010 - 14:28
  • Brassband Excelsior kin wol wat fersterking brûke

Brassband Excelsior fan Feanwâldsterwâl is driuwend op syk nei nije leden. As dy net fûn wurde moat de band mooglik ferdine, seit it bestjoer. It ledetal is de ôfrûne jierren bot sakke, wêrtroch de ynkomsten ek ynsakke binne. Yn novimber besjocht it bestjoer hoe't it fierder moat. As der gjin ferbettering is, dan wurdt de stekker derút lutsen.

Brassband Excelsior is ien fan de âldste brassbands fan Fryslân. It bestiet hast 86 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)