EVT mei net oanlizze yn Harns

05 mrt 2010 - 21:55

As de EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling, sneon om healwei ienen oanleit yn Harns dan sil de kaai fan de oanlisbrêge ynnaam wurde. Rykswettersteat stelt yn in brief dat de EVT fart op tiden dat it net mei en dat ôfspraken skeind wurde.

De EVT mei oanlizze as de brêge in oere lang net troch rederij Doeksen brûkt wurdt. Neffens direkteur Haantjes fan de EVT is dy regeling grutte ûnsin en is de maatregel fan Rykswettersteat bûten alle proporsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)