EVT jout striid net op

31 des 2013 - 12:42
  • EVT

Rederij EVT fan Skylge leit him net del bij de útspraak fan de rjochter, dat se nei 1 febrewaris net mear farre meie nei Skylge. Direkteur Erwin Rob oerwaget in spoed-appèl. Hy fynt it fonnis fan de rjochtbank yn Den Haach 'flintertin'.

De EVT hie it ryk foar de rjochter dage nei it beslút fan steatssiktaris Mansveld om de EVT it farren te ferbieden. Neffens Mansveld is der neist rederij Doeksen gjin romte foar in twadde rederij. De rjochtbank hat it ryk yn alle punten yn it gelyk steld. Mar de EVT lit it der dus net by sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)