EVT hat fertrouwen yn takomst

24 jan 2014 - 17:26

De EVT hat nei de earste sitting fan it Europeeske Hôf oer de feartsjinsten nei Skylge wer alle fertrouwen yn de takomst. De EVT rekkenet derop dat it Hôf beslute sil dat de feartsjinsten fia de Waadsee iepenbier oanbestege wurde moatte.

Op dit stuit is de konsesje nei Skylge troch de oerheid ûnderhânsk oan rederij Doeksen ferliend. It regear besjocht de Waadsee as in binnenwetter dêr't de ferplichting fan in iepenbiere oanbesteging foar ferfier oer see net jildt. Mar yn bygelyks Dútslân wurde feartsjinsten wol iepenbier oanbestege.

It is ûnmooglik dat foar Nederlân oare regels jilde, seit EVT direkteur Erwin Rob.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)