EVT giet troch mei stunten

15 okt 2012 - 21:11

Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) set takom jier troch mei stuntprizen. Sa betellet elke passazjier foar in inkelde reis in begjintaryf fan fiif euro. Wat earder as boekt wurdt, wat leger de priis útfalt. De twadde wike fan maart takom jier kin der wer fergees oerstutsen wurde mei de EVT.

Neffens de rederij EVT is konkurrint Doeksen troch de komst fan de EVT yn finansjeel swier waar rekke. De EVT hat derom oanbean gear te wurkjen en de ôffearttiden better op mekoar ôf te stimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)