EVT ferkeapet Willem Barentsz

26 jan 2010 - 10:38
  • De EVT siket noch nei in nij skip foar de feartsjinst

De Eigen Veerdienst Terschelling EVT hat it skip de Willem Barentsz ferkocht. It skip fart tenei yn Korea. Rederij EVT wol dizze simmer mei in moderner skip de feartsjinst op de Waadsee ûnderhâlde. Hokker skip dat is, wit de rederij noch net.

Der binne noch trije opsjes dêr't EVT út kieze kin. Al dy skippen binne op koarte termyn beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)