EVT-fearboat net mear fergees

02 sep 2008 - 16:42

Passazjiers fan de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, moatte fan tiisdei ôf betelje.

De earste twa wike fan de feartsjinst koene passazjiers fergees mei de boat nei Skylge farre. Dêr waard neffens wurdfierder Arjen_Haanstra fan de EVT in soad gebrûk fan makke. Fan tiisdei ôf is ek de nije boat fan de feartsjinst, de Willem_Barentsz, yn gebrûk nommen. Mei de katamaran kinne 250 minsken ferfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)