EVT fart gewoan troch

07 mrt 2010 - 16:20
  • It stek is sneon ôfsluten

De Eigen Veerdienst Terschelling wol dizze wike gewoan farre neffens de tsjinstregeling. Rykswettersteat die sneon it lisplak fan 'e EVT yn Harns op slot om't de rederij op tiden fart dat it net mei. Mar de EVT fynt dat in te strange maatregel. Snein hat de rederij fearn en de passazjiers koene oan wâl troch in oar tagongsstek.

EVT-direkteur Haantjes wol moandei mei Rykswettersteat prate. Hy wit noch net oft er in koart pleit oanspanne sil om it slot fan it stek te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)