Everswyntsjes yn bosk Appelskea

16 jun 2006 - 13:02

Trije lytse everswinen soargje foar nochal wat opskuor yn de bosken fan Appelskea. It giet nei alle gedachten om ûntsnapte tamme bisten.

Probleem is dat dizze ûnoffisjele weryntroduksje net tastien is. De bisten meie mar op twa plakken yn Nederlân frij rûn rinne en dêr heart Appelskea net by. De provinsje moat no beslute oft de everswyntsjes fongen wurde of deasketten, seit Staatsbosbeheer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)