Everse lulk op Grindheim

26 mrt 2010 - 18:22
  • Christian Grindheim (foto: Omrop Fryslân)

SC Hearrenfeantrainer Jan Everse is ûntefreden oer Christian Grindheim. Neffens de ynterim-trainer lústert er net en fiert de Noarske middenfjilder de opdrachten net goed út. Dat kostet Grindheim nei alle gedachten in basisplak yn de útwedstriid tsjin Roda JC. Filip Djuricic is syn ferfanger.

Everse hâldt fierder fêst oan deselde spilers dy't tsjin NEC yn 'e basis út ein setten. Hearrenfean en Roda hawwe beide 32 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)