Eveneminten yn Sealen Schaaf

15 des 2010 - 19:59
  • It muzyksintrum oan de Breedstrjitte yn Ljouwert

Muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert bliuwt iepen foar eveneminten. Carex, it bedriuw dat it kompleks foar de gemeente beheart hat ôfspraken makke mei in eveneminteburo. It buro sil yn gearwurking mei in oar eveneminteburo en Poppoadium Romein aktiviteiten yn de sealen organisearje.

De gemeente is bliid mei de ôfspraak. It muzyksintrum krijt sa in goeie ynfolling oant it momint dat it gebiet om it muzyksintrum opnij ynrjochte wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)