Eveneminten: wach op waarmte

16 aug 2012 - 17:00

Tal fan Fryske eveneminten meitsje har klear foar de tropyske waarmte dy't dit wykein ferwachte wurdt. De organisaasjes nimme no al maatregels fanwege de hege temperatueren. By de autocross yn Blije, it pealsitten yn Kollum, it concours hippique yn Burgum en de skeelertocht yn Bartlehiem wurde tûzenen minsken ferwachte. It advys is om goed wetter te drinken en tsjin de sinne te beskermjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)