Eveneminten 'Knappe Koppen'

22 maaie 2009 - 19:35

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma komt takom wike mei in plan foar tsien grutte eveneminten nei bûten wêrby't Frysk talint sintraal stiet. Yn dit projekt 'Knappe Koppen' draait it om de betsjutting fan Friezen yn de wrâld.

It earste evenemint fynt begjin septimber plak en de oare njoggen yn de twadde helte fan 2010. Der binne al in stifting en in komitee fan oanbefelling oprjochte foar dit 'knappe koppen' inisjatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)