Evenemint by iepening Sintrale As wurdt útsteld

30 mrt 2016 - 14:08
  • Promoasjeweintsje foar de Sintrale As

It grutte evenemint rûn de iepening fan de Sintrale As is útsteld fan 17 septimber nei 1 oktober. De inisjatyfnimmers ha fan de oannimmer te hearen krigen dat dy op 17 septimber noch drok dwaande is mei it lizzen fan asfalt.

Mei it evenemint 'Foarút oer de as mei de Handel' is it de bedoeling dat der in 9 kilometer lang lint fan stands en aktiviteiten op de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea komt. Binnen 3 wiken hat de earste kilometer oan dielnimmers him al oanmelden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)