Evaluaasje: UCF op goede wei

17 sep 2014 - 14:44
  • Kommisje presintearret ûndersyk nei UCF

De University Campus Fryslân is op de goede wei. Dat docht bliken út in eksterne evaluaasje fan de ûnderwiisynstelling. Benammen oer de kwaliteit fan de programma's, de relevânsje fan de ûndersiken en it tal promoasjeplakken en opliedingen binne ûndersikers te sprekken. Dochs binne der ek ferbetterpunten. Sa moat de UCF gau besykje sterkere bannen te krijen mei ûnder oare de RUG en Wetsus. It gefaar fan frijbliuwendheid fan de ynstellingen is neffens de ûndersikers noch te grut.

Ek soe der wat finânsjes oangiet mear helle wurde moatte út de universitêre partners. No wurdt in grut part fan it budzjet noch troch de provinsje betelle, wylst dat offisjeel gjin taak fan de provinsje is. De Fryske akademyske ynstellingen moatte mear belutsenheid sjen litte oan de UCF, oars soe de takomst wolris ûnwis wurde kinne. De resultaten fan it ûndersyk wurde brûkt om takomstich belied foar de UCF te meitsjen.

UCF is in netwurkorganisaasje dy't mei ferskate ynstellings gearwurket om akademysk ûndersyk en learprogramma's yn Fryslân fan de grûn te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)