Evakuees: sels ûnderdak socht

06 jan 2012 - 10:19

De minsken dy't tongersdei fanwege it hege wetter evakuearre binne fan it eilân De Burd en rekreaasjesintrum Yn 'e Lijte by Grou hawwe allegearre sels foar ûnderdak soarge. Se hawe sliept by freonen of famylje. De gemeente Boarnsterhim hie ek ûnderdak oanbean yn in hotel, mar dêr is gjin gebrûk fan makke.

De kommende oeren wurdt besjoen oft de minsken werom komme kinne. Op dit stuit wurde kaden en diken ynspektearre. Alve minsken binne fannacht op De Burd bleaun. Op rekreaasjesintrum Yn 'e Lijte yn Grou woene fjirtich minsken tongersdei net fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)