Evakuearre kij oankaam

06 jan 2012 - 15:56

It earste evakuearre fee út Grinslân is freedtemiddei yn Fryslân oankaam. Se ferbliuwe tydlik yn in boerepleats oan de Alde Dyk yn Bûtenpost. It fee komt út it doarp Witewierum. De pleats dêr't se weikomme, wurdt bedrige troch it wetter en is ûntromme.

De provinsje Fryslân stelt in fjouwertal pleatsen beskikber foar de opfang fan evakuearre kij. It giet njonken Bûtenpost om pleatsen oan de dyk Drachten-Appelskea (N381) en op it plak dêr't de Heak om Ljouwert komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)