Evakuaasje nei brân It Amelân

27 aug 2013 - 06:13
  • De brân op de kemping makke evakuaasje nedich

Hast 40 gasten fan in boerekemping yn Ballum op It Amelân binne moandeitejûn fanwege in brân evakuearre. De brân ûntstie om efkes foar acht oere yn in opslachloads oan de Smitteweg yn Ballum, flakby de kemping. De kempinggasten binne fanwege de wynrjochting earst opfongen yn in gebou yn de buert. De gemeente hat se foar de nacht ûnderbrocht yn in hotel.

Nei goed oardel oere hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. It terrein om de loads hinne is ôfset mei stekken. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)