Evakuaasje fanwege brân

04 jul 2006 - 17:18

In part fan de bewenners fan fersoargingshûs Huylckensteijn yn Boalsert is tiisdeitemoarn evakueard yn ferbân mei in brân. Dy brân ûntstie troch wurk oan it dak.

De oannimmer warskôge de brânwacht. Doe't de blusploech oankaam, hiene bedriuwshelpferlieners fan it fersoargingshûs it fjoer al útmakke. Der ûntstie wol flink wat reek yn it gebou. Dêrom waard de keuken ek koart ûntromme. De skea falt ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)