Evakuaasje fanwege bommen

12 jan 2010 - 14:53
  • Ingelske 500-pûners

By de Ljouwerter fleanbasis binne trije bommen út de Twadde Wrâldoarloch fûn. Neffens de EOD bestiet der gjin akuut ûntploffingsgefaar. Nije wike tongersdei wurde de bommen, Ingelske 500-pûners, troch de EOD demontearre. Dat hâldt yn dat 46 húshâldens mooglik de hiele dei evakuearre wurde moatte.

It giet om wenningen en pleatsen oan de Marsumer kant fan de fleanbasis. Wêr't de bommen krekt lizze wolle de gemeente Ljouwert en de basis net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)