EVA-team pakt Hagenaar op dy't noch selstraf útsitte moat

13 apr 2015 - 12:14

In spesjaal team fan de plysje yn Den Haach hat dit wykein yn Ljouwert in Hagenaar oppakt, dy't noch in finzenisstraf fan hast trije moannen útsitte moat. De man, dy't ûnder oare feroardield is foar misdragingen yn it ferkear, koe oanhâlden wurde op de Dirk Zeperwei.

De oanhâlding waard dien troch it EVA-team, dat stiet foar Executie Vonnissen Afgestraften. Dat team rjochtet him op minsken dy't feroardield binne mar har straf noch net útsitten hawwe. It giet dan benammen om gruttere saken, dêr't jild mei fertsjinne is yn de kriminaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)