Eva Noordmans wint FeRs 2007

31 mrt 2007 - 15:20
  • Eva Noordmans mei har priis

Eva Noordmans fan De Toermalijn yn Frjentsjer is Frysk Kampioen foardragen wurden. Bern fan 24 basisskoallen dienen freed mei oan FeRs 2007 yn De Lawei yn Drachten. Se liezen fersen foar fan ûnder oare Baukje Wytsma, Eppie Dam en Jurjen van der Meer. De winner droech it fers Snobje fan Froukje Annema foar.

Twad waard Jorn van der Schaar fan It Fûnemint út Wommels. Tred wie Berber de Bruin fan De Reinbôge út Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)