Eutanasy geweldsslachtoffer

25 aug 2008 - 10:55
  • It stekwapen waard opdûkt yn 'e sleat
  • Parse-offisier Henk Mous

It slachtoffer (28) fan 'e stekpartij yn Cammingabuorren hat der sels foar keazen in ein oan syn libben meitsje te litten, omdat dat gjin perspektyf mear hie. Yn de nacht fan 1 op 2 augustus rekke de man tige slim ferwûne neidat hy nei in wurdewikseling mei in Ljouwerter (18) delstutsen waard. Dy wurdewikseling ûntstie doe't de fertochte de groet Middei ferkeard ferstie as Mietje.

Yn it sikehûs die bliken dat it slachtoffer hast folslein ferlamme wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)