Euroton foar Via Drupsteen

23 des 2009 - 13:42

It Snitser bedriuw Via Drupsteen hat fan de NOM in subsydzje krigen fan 100.000 euro. Mei de kapitaalynjeksje kin it bedriuw fierder mei it ûntwikkeljen fan har bysûndere 3D-ûntwerpen. Mei dizze ûntwerpen kinne gemeenten of projektûntwikkelers goed ynsichtlik meitsje hoe't in bouplan der út komt te sjen en as it goed yn it lânskip past.

It bedriuw wurket oan de N31 troch Harns, de Blauwe Stêd yn Grinslân en de nije bistetún yn Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)