Europeeske priis meldkeamer

18 apr 2013 - 19:19
  • Krisissintrum Drachten

De meldkeamer Noard-Nederlân fan de plysje, brânwacht en ambulânsesoarch yn Drachten hat in Europeeske priis wûn. It giet om de Outstanding Emergency Call Centre Award 2013. De priis wurdt elk jier jûn oan in 112-meldkeamer dy't him op in bysûndere wize wit te ûnderskieden.

De noardlike meldkeamer wie nominearre fanwege de gearfoeging fan de trije regionale meldkeamers fan Fryslân, Grinslân en Drinte. De Europeeske sjuery neamt de organisaasje in 'foarbyld'. De priis waard útrikt yn Riga yn Letlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)