Europeeske poëzijrûte iepene

06 mrt 2006 - 10:23

Yn it Frânske Narbonne is sneon de Europeeske poëzijrûte iepene. It giet om in inisjatyf fan Jan de Boer, âld-direkteur fan de Sosjale Tsjinst yn Ljouwert. Hy ferhuze tsien jier lyn nei Frankryk.

Yn Narbonne waarden sneon fjouwer gedichten op grutte rûne stjinnen platen ûntbleate. Dêr siet ek in Frysk gedicht by fan Theun de Vries, mei de Frânske oersetting. Jan de Boer lies by de iepening ferskate Fryske fersen foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)