Europeeske fragen oer boarrings

22 mrt 2004 - 00:00

Europarlementariër Dorette Corbey sil skriftlike fragen yntsjinje oer gasboarrings yn de Waadsee. Se wol fan de Europeeske Kommisje witte oft se nedich binne en oft it rjochtfeardige is dat de boarrings skea oanrjochtsje oan de natuer.

Op eardere fragen fan Corbey antwurde de Kommisje dat it foarsoarchsbegjinsel jildt foar it Waad. Dat betsjut dat der by twifel net boarre wurdt. It kabinet liket oan te stjoeren op boarrings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)