Europeeske beskerming wrotmûs

19 feb 2003 - 00:00

De Grutte Wielen by Ljouwert, de Aldegeasterbrekken en De Fluessen yn Wymbritseradiel moatte Europeeske beskerming krije neffens de Habitat- rjochtline. Dat wol it ministearje fan lânbou fanwege de oanwêzigens fan de Noarske wrotmûs dêr.

Wymbritseradiel sjocht neat yn it plan, om't it alle oare aktiviteiten op slot set. De bou fan in pankoekpaviljoen by Terherne is dêrtoch al fertrage. De wrotmûs is dêr lykwols noch nea fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)